Sjonge: Psalm 71: 2 en 6
2. Wês Jo de fêsting dy’t my berget
6. Bliuw net fier fuort, mar help my Heare!
Bemoediging en groetnis
Kyriegebed
Glorialiet: Liet 869: 1, 4 en 5
1. Loovje de Hear, ús heechste goed,
4. Ik spriek myn need út yn myn bea:
5. Wa’t treast en bystân misse moat
Gebed fan de snein
Skriftlêzing: Johannes 16: 16 o/m 22
Sjonge Liet 662: 1, 2, 3 en 4
Hear, komt yn dizze tiid
Hear, gen Jo by ús wei
Út jo ferburgenheid
De Geast stjoert ús op reis
Preek
Sjonge: Gesang 487 (út: Lieteboek foar de tsjerken)
1 De Hear seach nei my om en ûnferwacht
riisde-ik as op ‘e nij út memme skerte.
Hy hat myn ljocht oanstutsen yn ‘e nacht,
Hy joech my eachweid en in boartlik herte,
sa giet Er oer myn swakkens gear mei macht
en sjocht net oan, wat Him yn my fertrette.
2 Us wei is Him bekend fan ivichheid
en Hy gravearre yn syn hân ús namme.
De Hear wol by ús wenje as in heit,
en intet ús op Him as op in stamme.
Hy kiest ús as in breugeman syn breid,
Hy brekt gjin trou en makket noait beskamme.
3 Jo komme ús tefoaren as in dream,
Jo jouwe-it jo beminden yn ‘e slomme.
Lykas de rein dy’t dripket op in beam,
Sa fiele-ús herten har troch Jo ferromme,
lykas in sêfte wyn strykt oer de stream,
sa sille Jo mei leafde oer ús komme.
Tankgebed – foarbea – stil gebed – dernei sjonge:
God fan fier en hein ús Heit,
dat wy hilligje jo namme,
ûnder ús sa faak ûntwijd,
troch jo eigen bern beskamme.
Bûch de folken nei jo wet,
lit jo ryk op ierde komme.
Byn jo wil ús op it hert
en wy sykhelje ferromme.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou wat wy misdiene,
sa’t ek wy ferjûn ha, Hear,
al dy’t skuldich foar ús stiene.
Lit oer ús gjin neare nacht,
lied ús net yn blyn begearen.
Binne wy yn duvelsk macht,
Hear, ferlos ús fan ‘e kweade.
God fan fier en hein ús Heit,
wûnder heimnis is jo namme,
grut yn krêft en hearlikheid,
oant yn alle tiden. Amen.
Kollekte
Sjonge: Liet 864: 1 en 4
1 Sjong bliid en wol te moede,
4 Lit dan de freze farre,